It grutte foarlêsboek

GrutteFoarlesboekferhalen, ferskes en gedichtsjes
foar bern fan 2 jier ôf

ferskate skriuwers en yllustratoaren

Ik wie op syk nei in boek mei net te drege Fryske berneferhalen om thús foar te lêzen oan ús Hollânske bern. No ja, googelje mar ris op “foarlêsboek”… Dan kinst net hinne om “It grutte foarlêsboek” fansels! Yn maart 2013 wie der in oprop om mei te skriuwen oan “It grutte foarlêsboek foar 2+”. De respons wie grut. Fan 23 skriuwers en 22 yllustratoaren binne bydragen opnommen yn it boek. Sa’n grut ferskaat oan skriuwers smyt in grut ferskaat oan fleurige ferhalen en ferskes op. Yn it boek net allinne bydragen fan ûnbekende skriuwers en yllustratoaren, mar ek fan minsken dy ‘t har spoaren yn ‘e (Fryske) berneboeken al fertsjinne ha. Ik fyn it in moaie kombinaasje. Foar dochter, dy ‘t it Frysk noch leare moat, mar dat o sa nijsgjirrich fynt, is de ôfwikseling prachtich. De ienfâldige ferhaaltsjes, net te lang en mei allegear werkenbare aventoeren en de ferskes en gedichtsjes mei Fryske wurdgrapkes: se fynt se allegear leuk. Soan moat noch wat mear oan it Frysk wenne, mar kin Tomke fan skoalle en kiest dêr dus foar. En as mama dan echt noch sa graach in oar ferhaaltsje foarlêze wol: no fuort dan mar. Ek foar bern dy ‘t wol mear mei Frysk opgroeie, is it in leuk boek mei âlde bekenden as Tomke en Boltsje de Boer en nije freontsjes lykas Wopke en de slak dy ‘t syn húske út docht. De kleurige yllustraasjes meitsje it boek hiel feestlik.
Al mei al in boek dat hieltyd wer lêzen wurde kin. En derby fyn ik it ek hiel moai om te witten dat der nêst de skriuwers dy ‘t ik al kennen leard ha, der noch in hiel soad oaren har sjen litte yn dit boek. Wa wit wat foar moaie ferhalen dat yn ‘e takomst noch opsmyt. Ik soe sizze: kom mar op!

Skiuwers: Jelle Bangma, Peter Bezemer, Karen Bies, Pieteke de Boer, Wim de Boer, Titia Bosma, Berber Bouma, Maike Bouma, Lida Dykstra, Geartsje Douma, Robert Douw, Ysbrand Drost, Tity Hasz-Sinnema, Mirjam van Houten, Adriana Kalwij, Karin de Liedjesmamma, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra, Marijke Popma, Sjoerd F. Talsma, Forina van der Zee, Baukje Zijlstra

Yllustratoaren: Maaike van den Akker, Coen Annema, Tryntsje Bottema, Marijke Buurlage, Vera Damhuis, Studio Doeke, Ekaterina Grishina, Linda de Haan, Tity Hasz-Sinnema, Mirjan van de Hel, Akke Antje Hettema, Mirjam van Houten, Ingrid van der Kallen, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Sietske van der Meij, Yke Reeder, Froukje Reitsma, Sonja Reus, Anna Sikkes, Elbrich Vreeling, Ellen Wels

Geef een reactie