Ik hâld fan Pod

ikhaldfanPodIn boek mei 100 bisten

tekst: Lida Dykstra (www.lidadijkstra.nl)
yllustraasjes: Arne van der Ree (www.wildkunst.nl)

It sil dy mar gebeure: do wurdst as koekoek berne yn it nêst fan in boumantsje en der wurdt fan dy ferwachte dast dyn styfbroerkes en -suskes der út wurkest. Neat oan ‘e hân; sa giet dat yn ‘e natoer. Mar stel, do trefst it net. De lytse boumantsjes triuwe dij der út! Dan stiest der as lyts koekoekje hielendal allinnich foar.
It liket net goed foar it koekoekje út “Ik hâld fan Pod”. Mar gelokkich is Pod der. Hy sjocht it lytsje fûgeltsje – dy’t by de earste moetinge al gâns grutter is as Pod sels – en treastet him. Hy leart it koekoekje alles wat in koekoek leare moat oant Koekoekje in grutte Koekoek is. Mar dan moat Koekoek fleanen leare. En al hoefolle bisten der ek fleane kinne, Koekoek doart net. Dus sit der foar Pod mar ien ding op: hy moat it foardwaan. Dat in fleanende Pod in prachtige proai is foar de reager, dêr tinkt Pod net oan. Mar Koekoek sjocht it wòl. Hy sil Pod rêde, want hy hâldt fan Pod!

In keunstwurk is it, dit boek. De ûndertitel is “in boek mei 100 bisten” en al dy 100 bisten en har omjouwing binne prachtich yn byld brocht. De yllustraasjes fan Arne van der Ree binne libbensecht. It docht my hiel bot tinken oan fan dy âlde skoalplaten, “plaat van de maand”. Op ‘e útflapsiden oan ‘e begjin en ‘e ein fan it boek, kinst presys sjen hoe ‘t alle bisten op ‘e platen hjitte. Handich, want sa hoechst net hieltyd te blêdzjen.
Earlik is earlik: de earste kear gong it ús net om ‘e nammen fan ‘e bisten. Wy giene foar it leave ferhaal fan Pod en Koekoek dat mei in soad humor beskreaun is. Mei foar my as hichtepunt de skrik fan ‘e reager, as er oanfallen wurdt troch Koekoek: “Ik wist net datsto ek fan pod hâldest.”
De twadde, de tredde en de oare kearen seagen we wat better en wat langer. En sjoch no: der steane echt 100 bisten yn it boek. Bisten dy ‘t wy bûten ek faak sjogge. Op de printen by it ferhaal, mar ek noch in kear achteryn it boek. Alle bisten apart, mei de Fryske en de Nederlânske namme der by en oer elts bist in oantal weetjes. En foar de echte natoerûndersiker sit der achteryn it boek ek noch in kopiearblêd, datst meinimme kinst ast yn jim eigen tún op syk giest nei 100 bisten.
“Ik hâld fan Pod” is in nijsgjirrich boek foar bern fan 4 jier ôf en ek foar heiten, memmen, pakes, beppes en masters en juffen. Want wês no mar earlik: wa wit de nammen fan alle 100 bisten, sûnder stikem te spiken?

Dit boek is der ek yn it Nederlânsk, “Ik hou van Pad”.

Geef een reactie