Omke Ule past op

tekst en yllustraasjes Paul van Dijk (depenvanpaul.nl)

Omke Ule hâldt net fan drokte. Hy sit it leafst lekker yn ’e stoel mei in boek. Neat mis mei, dochs? No ja… eins sit it in bytsje oars. Omke Ule hâldt sa fan rêst, om’t er bang is foar wat der allegear fout gean kin. En dat is wier hiel wat! As syn suster bellet om te freegjen oft omke Ule eefkes op neef Eppy passe kin, hat sy der al net folle fertrouwen yn dat dat in sukses wurde sil. En se hat gelyk. Al nei in oere ferfeelt Eppy him dea. Hy wol nei bûten! No fuort dan mar. Omke giet mei Eppy nei bûten. Mar al docht omke noch sa syn bêst, de gefaren witte him oeral te finen. Hy wurdt oanflein troch in lilke ein, hy falt yn it wetter, de kaartferkeaper op ’e merke sjocht him mâl oan. In tripke yn ’e achtbaan liket dan ek hielendal net in goed plan. Mar dat pakt oars út! As syn mem Eppy wer ophellet, leit er te sliepen yn omke syn lekkere stoel. En net omdat it sa saai wie by omke Ule!

‘Omke Ule past is op’ is in fleurich printeboek oer wat der barre kin ast samar ynienen wat dwaan moatst dêr’tst eins wat bang fan bist. Yn de yllustraasjes binne grappige details ferstoppe dy’t soms wat tafoegje oan it ferhaal en soms ek harren eigen ferhaal fertelle. De tekst op rym lêst lekker foar en hat ek leuke ferrassingen yn de foarm fan moaie Fryske wurden en útdrukkingen. Neefke Eppy is wat my oangiet de held fan in ferhaal. It aldermoaist fyn ik syn entûsjaste útrop: ‘Merke! Dat is wat foar ús!’, wylst alles oan omke Ule seit dat dit de swierste dei fan syn libben is.
Al mei al in hiel fleurich, grappich printeboek datst lekker foarlêze kinst as jim tuike-tuike yn ’e noflike stoel sitst. En dan dêrnei nei bûten fansels, om aventoeren te belibjen!