Prinses Pompebledsje

tekst en yllustraasjes: Barbara de Ruiter (barbaraderuiter.com)

As tank foar harren help krije de kening en keninginne fan fee Foekje in moai peareltsje. Der sit in ferrassing yn, seit fee Foakje. Mar, och heden, in fûgel stelt it peareltsje fan de finsterbank!

Op in dei komt der in famke út in wetterleelje. De hiele dei boartet se mei de eintsjes, dûnset se mei de flinters en sjongt se mei de fûgels. Oan ’e ein fan ’e dei geane har freontsjes nei hûs. Mar it famke hat gjin eigen plakje. Sy hat gjin hûs. Se beslút op syk te gean nei in eigen thús. Mei in boatsje, makke fan in grut pompeblêd, giet se op ’en paad. Se freget de slak, de mol en de earrebarre oft sy miskien by harren wenje mei. Mar it hûs fan de slak is te krap, dat fan de mol is ûnder de grûn en de earrebarre is te drok. Dan begjint it hurd te waaien. De wyn nimt it it boatsje fan it famke mei en blaast har mei in plûns yn de fiver fan it keninklik paleis. De kening en de keninginne fine it famke. Se wolle it famke helpe en stjoere in lakei it hiele lân troch om te sykjen nei de heit en mem fan it famke. Mar it slagget net. Ynienen sjocht de keninginne it peareltsje dat it famke om ’e hals hat. En dan wit se it: it famke heart yn it paleis!

Dit alderleafste rôze printeboek stiet fol kleurige kollages. Net allinne foar de bern is der in hiel soad te ûntdekken, ek de foarlêzer wurdt traktearre op grappige details. Sa hat de drokke earrebarre in ‘prioritaire’-poststicker yn it nêst en stiet ‘Floris’ yn de boekekast fan de kening. Sels de tekens en teksten dy’t ‘tafallich’ op ûnderdielen yn de kollages steane, passe perfekt by wat der te sjen is. Al kin ik dat net fan alle teksten hielendal seker witte, want Sjinees is net myn sterkste kant. Mar it soe my net ferbaze as sels dat past.
Prinses Pompebledsje is in leaf, romantysk printeboek foar elkenien dy’t gek is op prinsesseferhalen en mearkes. In fleurich boek, in perfekt kadootsje om hûndert kear foar te lêzen.