Siem en Sanne sille fierljeppe

SiemenSanneFierljeppetekst: Hendrika Vis – de Ruiter
yllustraasjes: Bernard Roorda

Siem ferfeelt him. Hy woe dat er in boarter hie. Dan sjocht er Sanne. Har heit en mem binne drok mei de ferhuzing, en Sanne rint dêrby eins yn ‘t paad. Siem soe moai even mei Sanne boartsje kinne! Dat fynt Sanne ek in goed idee. Se rinne op inoar ta, mar ynienen kinne se net fierder. Der sit in sleat tusken de tunen fan Siem en Sanne! Se betinke dat se der wol oer springe kinne, mar har skonken binne te koart. In brêge bouwe dan miskien, mar der binne gjin planken dy ‘t lang genôch binne. Lokkich hat de heit fan Siem in moaie Fryske oplossing: hy komt mei in pols foar ‘t ljocht. Heit springt oer de sleat en nimt Sanne op ‘e rêch. Dan springt er werom nei Siem en kinne de bern tegearre boartsje. Sels mei de pols springe, meie Siem en Sanne noch net fan heit. Mar se meie wol mei heit mei te sjen by it fierljeppen. Siem en Sanne fûnen heit al o sa knap, mar by it fierljeppen sjogge se noch folle gruttere sprongen. En ek dat de ljeppers net altyd drûch oan ‘e oare kant komme…

Boeken oer fierljeppen binne der wol. Oer de tradysje en oer de technyk. Mar in berneboek hie ‘k noch nea sjoen. En dat is dochs jammer. Gjin wûnder dat it Frysk Ljeppers Boun (fierljeppenfriesland.nl) dêr feroaring yn bringe woe!
‘Siem en Sanne sille fierljeppe’ giet oer twa beukers mei in doel. Se wolle wat, en dat slagget net drekt. En dan meitsje se kennis mei de pols. It is in fleurich printeboek, sawol wat tekst oangiet (neat tefolle, net te spannend), as de kleurige en grappige tekeningen.
Op de webside www.siemensanne.nl giet it oer de Siem en Sanne as haadpersoanen yn ‘e berneboeken fan de skiuwster en yllustrator. Dat docht tinken dat der mear boeken oan komme mei de twa beukers yn ‘e haadrol. Of miskien as se wat âlder wurde, in spannend ljep-aventoer? Ik bin benijd!

Geef een reactie