Siem en Sanne sjogge Sint Piter

SiemenSanneSintPitertekst: Hendrika Vis – de Ruiter
yllustraasjes: Bernard Roorda
www.siemensanne.nl

Siem en Sanne wenje nêst inoar. Sanne wennet dêr noch net sa lang, mar se binne al bêste freonen. En as der op in moaie dei yn febrewaris in dik pak snie leit, dan is it net sa lestich te betinken wat se ris dwaan sille: slydzje fansels! Siem lûkt Sanne nei in moai dykje yn ’e buert en de poes giet ek mei. Se hawwe dikke wille! Dan sjocht Sanne wat nuvers. Dreamt se no? Sjocht se dêr Sinteklaas op syn boat? Mar Sinteklaas is dochs allang wer yn Spanje? Nee, Sanne dreamt net. Der is echt in boat en echt in Swarte Pyt. Mar it is Sinteklaas net, it is Sint Piter! Om’t Sanne Sint Piter hielendal net ken, nimt Siem har mei. Mar de boat giet fierste hurd, Siem en Sanne kinne it net byhâlde. Lokkich dat Sanne altyd fanalles yn har bûsen bewarret. Se fynt in fluitsje en dêrmei lûke se de oandacht fan Sint Piter. Siem en Sanne meie oan board komme en Sint Piter leit alles oan Sanne út. Sanne is bliid dat se Sint Piter no ek ken!

Sels kom ik net fan Grou, dus Sint Piter giet meastentiids oan myn oandacht foarby. Mar fan dit fleurige printeboek wurd ik ek nijsgjirrich, lykas Sanne. Hoe sit dat mei dy wite hillige op syn swarte hynder? Op ynternet fyn ik de webside fan Sint Piter en sjoch ik hoe’t Sint Piter yn Grou telâne kommen is. En hoe’t febrewaris yn Grou hielendal yn it teken stiet fan Sint Piter en syn helper. Ik hâld wol fan tradysjes en ik snap Hendrika Vis – de Ruiter en Bernard Roorda wol, dat sy dêr in moai printeboek oer meitsje wolle. Geweldich foar de bern yn Grou, mar ek foar bern dy’t noch nea fan Sint Piter heard ha. Want ‘hee, it giet dêr oars!’ en dat is ek leuk!

Geef een reactie