Skelte wol in skelter

Skeltewolinskeltertekst: Joke Scheffer
yllustraasjes: Anna Sikkes (anna-sikkes.nl)

Dy earme Skelte: hy wol sa graach in skelter ha, mar it mei net! Heit syn hok is al fol, mem is benaud foar de auto fan buorman, buorfrou is bang foar har blommen. Wat moat Skelte no? Hy ferfeelt him sa, der is hielendal neat te dwaan! Dan krijt er in geweldich plan. Hy freget pake! Fan pake mei altyd alles, dêr binne pakes ommers foar? Skelte krijt gelyk, it mei fan pake! Mar heit en mem en de buorfrou krije ek gelyk: Skelte reest troch de buert en hat allinne mar each foar syn nije skelter en net foar auto’s of blomkes…

In hearlik printeboek: moaie taal en prachtige kleurige printen. En mei foar elkenien wol wat werkenbers.
It begjint al op de earste bledside. Dêr sit Skelte. Yn syn keamerke mei de wrâld oan boartersguod ferspraad om him hinne oer de flier. De earste sin fan de tekst: ‘Skelte ferfeelt him’. Alle memmen ferslikke harren yn de kofje: ‘Sa giet it by ús ek!’. Ek heiten sille harrensels yn it boek tsjinkomme. Is it net by de grôtfolle garaazje, dan dochs wol by de soarch om de auto. En dêr is pake. Gelokkich binne der pakes. Dêr kin gjin heit of mem tsjinop.
In ferromming foar de foarlêzende heit en mem: se krije yn it boek wol gelyk! It giet mâl, it hie net moatten.
En dochs… doe’t ik op de lêste bledside dy earme Skelte mei syn skelter op it garaazjedak stean seach, snapte ik him hielendal. Wat is no in skelter ast der net mei race kinst? Race mei in skelter is dochs it moaiste wat der is? Ik wol ek in skelter! Jammer dat ik it ús pake net mear freegje kin…

Geef een reactie