Bart & Bouke

tekst: Dolf Verroen (dolfverroen.nl) en Mindert Wijnstra (mindertwijnstra.nl)
yllustraasjes: Babs Wijnstra (babswijnstra.nl)

Bart en Bouke sitte allebeide yn groep 5. Bouke yn in Frysk doarpke ûnder de reek fan Snits en Bart yn in grutte Hollânske sted. Bart syn âlders ha besletten om te ferhúzjen nei Fryslân, nei it hûs neist dat fan Bouke en dy. Om alfêst wat mei-inoar yn de kunde te kommen, maile Bart en Bouke mei-inoar. Net omdat se dat sels graach wolle, nee: de heiten en memmen ha betocht dat dat leuk wêze soe. It begjin is dan ek wat stroef. Bart fynt it dom dat Bouke yn it Frysk mailt. Bouke fynt it dom dat Bart mient dat Bouke in famke is. Sa harrewarje de jonges wat hinne en wer.  Mar se beprate ûndertusken ek de serieuze saken fan it libben, lykas: wat as de plofkreakers dy’t by Bart yn de strjitte de bank oerfallen ha, harren jild ferstoppe ha yn it (no noch lege) hok fan Bart syn nije hûs? Wat as de poes ûnder de auto komt? Wat as de skoalle fan Bouke aanst ticht moat omdat der te min bern op it doarp binne? En wat as de bern yn it Fryske doarp Bart mar in rare bûtenlanner fine?

De ferskillen tusken de Hollânske grutte stêd en it lytse Fryske plattelânsdoarpke binne yn dit boek wol (wer?) hiel grut. En dat is lang net altyd sa, wit ik út ûnderfiningen yn Hollânske doarpkes en Fryske stêden. Ergens yn ’e achterholle fyn ik it spitich dat it sa delsetten wurdt. Mar ja – fansels – op guon plakken binne de ferskillen wol sa grut. Ek dat wit ik út ûnderfining. Lit ik dan mar betinke dat dit boek tafallich dêroer giet. Boppedat: Bart en Bouke blike yn ’e rin fan it ferhaal hielendal net safolle fan inoar te ferskillen, ek al hat de iene in ‘typysk Fryske kop’ en liket de oare op ’e foto wol in ‘Marokkaanse grapjas’.

Bart en Bouke maile hinne en wer. Bart yn it Nederlânsk en Bouke yn it Frysk. Fansels is dit boek dus twatalich. Ik ha wol mear twatalige boeken lêzen en soms fielt dat wat ûnnatuerlik. Dêr ha ik by Bart en Bouke gjin lêst fan. Fan it begjin ôf is ommers dúdlik wêrom oft dat is. It is in leuk boek, flot skreaun en it sjocht der moai út. Moaie yllustraasjes en passende opmaak. Net tefolle tekst op in side en rom opset. It is in boek foar bern fan in jier as 6/7 ôf en neffens my kin it ek prima troch de bern sels lêzen wurde. Troch Frysktalige bern, troch Frysktalige en Nederlânsktalige bern tegearre, troch Fryske âlders tegearre mei harren Nederlânsktalige bern en oarsom. Soe dat net moai wêze?