Bor en de boef!

Borendeboeftekst: Jan Schotanus (dattekstbureau.nl)
yllustraasjes: Natascha Stenvert (nataschastenvert.nl)
út ‘e rige lêsboekjes by Studio F

Jaap hat in bysûndere kat. Dat is Bor. Bor is gek op knopkes. En hy wit ek noch wêr ‘t se foar binne. Bor kin kofje en tee sette, de garaazjedoar iepen en ticht dwaan en hy docht it ljocht oan en út mei it kastje wat Jaap syn heit makke hat. Oare minsken kinne hast net leauwe dat Bor dat allegear kin, mar foar Jaap-en-dy is dat hiel gewoan.
Jaap hat mei syn freon op it paad nei de garaazje in moaie sniebaan makke foar de slide. Dat paad rint moai steil nei beneden, want de garaazje is ûnder it hûs. Nei in hiele dei slydzje en snieballen goaie, geane Jaap en heit en mem betiid op bêd. En dan komt de boef. Hy hat de bûsen al fol beurzen en de kaai fan ‘e auto en wol ek noch de televyzje meinimme. Mar hy hat bûten Bor rekkene! Troch krekt op it goeie momint op it goeie knopke te drukken, en mei in bytsje help fan ‘e sniebaan fan Jaap, wit Bor de boef te fangen! En dan blykt Bor ek noch in hiele goeie televyzjestjer te wêzen.
“Bor en de boef” is in hearlik, humoristysk boek oer in jonge en syn kat. Echt fan no, mei oeral in ôfstânsbetsjinning foar, in hippe mem yn in snelle wein en in buorman dy ‘t alles filmje wol mei syn camera. Mar ek echt fan alle tiden, mei it allerleafste húsdier, slydzjende freonen en waarme sûkelarjemolke. En der sit noch aventoer yn ek.
Ik fyn it ek moai dat it echt skreaun is om troch bern sels lêzen te wurden. Dat is fansels de  hiele opset west fan ‘e rige lêsboekjes fan Studio F (dat is de methoade foar Frysk op ‘e basisskoalle). En dat is goed slagge: net allinne it ferhaal stiet ticht by de bern, mar ek de wurden dy ‘t brûkt wurde. Ek de dikte fan it boekje skrikt net ôf. Nee, gjin ekskús mear: Frysk lêze! Jimme kinne it!

lêsnivo AVI E4/ M5 = ein groep 4/ midden groep 5
(mar ek seker noch leuk foar hegere lêsnivo’s)

 

Geef een reactie