Lytse man

LytseManskriuwer: Eppie Dam (oer Eppie Dam)
yllustraasjes: Karin Poiesz (www.karinpoiesz.nl)

Witte jim wol wat in krommedaris is? Of wat spatskuon binne? Kinne jim Knoffel en Rommel al? Dan ha jim fêst dizze ferhalen fan Eppie Dam wol ris heard of lêzen. Dat kin hiel goed, want de ferhalen yn ‘e bondel “Lytse man” binne al earder ferskynd yn trije bondels fan Eppie Dam, tusken 1985 en 1995. Mar wat in goed idee om mei de ferhalen in nije bondel gear te stallen. Want de ferhalen binne noch altyd in feest om te lêzen. Us bern moatte fansels foaral laitsje om it jonkje dat net yn syn bleate kont yn ‘e klaaikeamer stean wol en om de kavia dy ‘t syn plas rinne lit yn in plysjepet. En ik as foarlêzer kin gnize om de twa emansipearre famkes dy’t heit-en-memke boartsje en fine dat de mem ek wol konteners by de dyk sette kin. Of de beppe dy’t it foarkommen docht dat sy op har beppesizzer passe moat, mar eins is it krekt oarsom.
De ferhalen binne hielendal skreaun fanút de bern dêr ‘t se oer gean. En sa ‘t it skreaun is, snap ik dy bern hielendal. Dan is mem yndie in spultsjebrekker as se tuskenbeide komt by in rúzje. Want “wy boarten krekt sa moai.” Dan fyn ik it ynienen ek nuver dat de minsken op ‘e begraffenis gûle, as it plankje oer it rútsje fan ‘e kiste giet. “No kin beppe neat mear sjen. Mar och, se wie ommers toch al dea.”
Dat de ferhalen sa’n 25 jier âld binne, fernim ik net. Goed, bern fan no ha miskien in Playstation of in iPad, mar boartsje gelokkich like goed mei klaai, binne bang fan ‘e toskedokter en ferstopje har yn in lege doaze. En de fraach oft je no ‘skaatsen’ of ‘redens’ sizze moatte, bestiet ek noch hieltyd.
Omt it koarte ferhalen binne oer hieltyd oare bern, is it boek hiel geskikt foar de juf of master dy’t even in pear minuten oer hat. En troch de leuke yllustraasjes fan Karin Poiesz is it in ek leuk boek foar op op skoat.

Geef een reactie