Sirkus PeM en de ûlewapper

tekst: Mindert Wijnstra (mindertwijnstra.nl)
yllustraasjes: Babs Wijnstra (babswijnstra.nl)

Kenne jim Pier en Marieke al? Ik tink it wol. It binne nammentlik telefyzje-bekendheden. Harren aventoeren binne by Omrop Fryslân te sjen yn it berneprogramma ‘Fratsen’. En no ha Pier en Marieke in eigen boek mei hearlike aventoeren. Se belibje dingen dy’t alle bern belibje: se ferkeapje koekjes, se helje boadskippen, se boartsje sirkus en geane nei de skoaldokter. Dat makket de ferhaaltsjes hiel werkenber. Der steane wol 15 ferhalen yn it boek, dus altyd wol ien dy’t giet oer watst sels krekt meimakke hast. Allinnne: it giet by Pier en Marieke faak wol krekt even oars as by de measte bern. Sy bedoele it goed – echt wier – mar it rint gewoan faak oars. En dus binne de koekjes dy’t se ferkeapje wolle ynienen op en hoe komt heit no mei de fuotten yn it driuwsân? Dat is dochs gefaarlik? Sa binne de ferhaaltsjes altyd wer spannend en bryk.

In boek oer aventoeren dy’t al op telefyzje west binne, moat dat no? Ik fyn dat lestich.
Ien fan de leukste dingen fan in ferhaal fyn ik dat ik sels betinke mei hoe’t it derút sjocht; dat ik sels myn eigen film betinke mei. Dat is altyd wat lestich as in oar dy film earder al makke hat. En dus ek by Pier en Marieke. No binne de yllustraasjes fan it programma ‘Fratsen’ oars as de yllustraasjes yn it boek. Ik hie earst net iens yn de gaten dat dit ferhalen fan ‘Fratsen’ wiene. En dat fyn ik dus in plus foar it boek. Babs Wijnstra hat Pier en Marieke in nij gesicht jûn en de yllustraasjes yn it boek litte genôch romte om lekker omhinne te fantasearjen. En foar bern dy’t it krekt leuk fine om te lêzen oer bern dy’t se al kenne, is it noch werkenber genôch.

Sirkus PeM is in fleurich ferhaleboek foar bern, mar ek foar heiten en memmen en oare foarlêzers. Want ek foar harren is genôch te belibjen. Soms siet ik te skodholjen om sokke mâle streken, dan wer ferwûndere ik my om de bysûndere logika en de hast filosofyske wiisheid fan de bern. ‘Lieve Piet – we hebben veel verdriet – omdat je bent doodgegaan – maar wat doen we eraan.’ En dan spyt it my stikem dat myn grutte-minske-logika myn bernelogika (hast) ferfongen hat. Gelokkich binne der bern (en berneboeken!) om my skerp te hâlden.