Speurnoazen yn Park Fiversburch

SpeurnoazenParkFiversburchtekst: Astrid Kuiper
yllustraasjes: Monique Beijer (moniquebeijer.nl)

Kick en Saar lizze op bêd en hearre in aaklik lûd. Se witte net wat it is, mar kinne der hast net fan sliepe. Se betinke in heldhaftich plan: se sille op ûndersyk út. Sjochst se al rinnen? Kiker om de nekke, bûslampe yn de hân: twa echte speurnoazen! Hiel stil slûpe se út ’e hûs en rinne nei it park. Yn it park hearre, fiele en sjogge se fanalles yn it tsjuster. Se jouwe der neat om. Mar as se de hutte fan de kluzener sjogge, wurde se dochs bang. Earst ferstopje se harren yn de grot, mar dan drave se nei hûs. Se slûpe wer nei boven. Wat jammer dat se net ûntdutsen hawwe wa’t dat iislike lûd makket… En dan ynienen hearre se it lûd wer! As se nei bûten sjogge, ûntdekke se dochs noch wêr’t dat nuvere lûd weikaam.

‘Speurnoazen yn Park Fiversburch’ is in leuk printeboekje oer en foar stoere bern fan in jier of 6, 7, 8. In spannend lûd, stikem jûns de doar útslûpe en ferstopje yn in grot. Al soest it sels nea doarre, mei Kick en Saar belibbest it al! De nachtlike syktocht wurdt hiel even spannend as de bern yn de grot sitte en sels ek bang wurde. Mar dat duorret gelokkich mar even en dan drave se nei hûs. As se dêr sjogge wêr’t it lûd weikomt, ferjitte se it angstige momint al gau. Heit fertelt noch wat oer ûlen en dan kinne de bern har rêstich deljaan. Al mei al is de gedachte oan it aventoer grutter as it úteinlike aventoer. Mar is dat faak net sa?

De yllustraasjes fyn ik hiel nijsgjirrich. Earst seach ik der wat oerhinne, mar as ik better sjoch, liket dy doar wol hiel echt. Nee wachtsje ris… it ìs in echte doar! Op in subtile manier hat Astrid Kuiper foto’s yn har yllustraasjes brûkt. It jout in moaie sfear oan it boekje.

It is in aventoerlik boekje, mar stikem ek in ynformaasjeboekje. Heit wit fanalles oer ûlen te fertellen en syn foarstel om sneon ûleballen út te plúzjen is net allinne foar Saar en Kick bedoeld, mar liket hast wol in oprop oan de lêzer: ‘Gean ek ris op ûndersyk út!’. Fierder is it fansels leuk dat it yn in echt park spilet. Ik bin sels nea yn Park Fiversburch west, mar ik kin my yntinke dat it hiel leuk is om it ferhaal te lêzen ast der wol ris west hast. Datst de èchte âlde ikebeam, de èchte foljère en de èchte Filla Fiversburch kenst. Miskien moatte wy dêr dochs ek mar in kear hinne te sjen…

 

Een gedachte over “Speurnoazen yn Park Fiversburch

  1. Pingback: Besprek Astrid Kuiper: ‘Speurnoazen yn Park Fiversburch’ | ensafh

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

De volgende HTML-tags en -attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>