Alles foar in sint

Allesfoarinsintskiuwster: Auck Peanstra (auckpeanstra.nl)
yllustraasjes: Ingrid van der Kallen (ingridvanderkallen.tk)

As Jelmer op in dei lekker op ‘e tiid op it fuotbalfjild is foar de training, is der noch net ien en alle doarren binne noch ticht. Hy strúnt wat om en fynt in sint yn ‘e boskjes. Dat it mar in sint is, falt him wat ôf en hy trapet it muntsje de grûn wer yn. As er wer om him hinne sjocht, is de wrâld feroare. It fuotbalfjild is fuort en ek it paad nei hûs kin er net mear fine. Om ‘t er net wit wat er oars dwaan kin, rint er it modderige paad del en dan komt er by in lyts doarpke mei in kastiel. Yn it doarpke moetet Jelmer allegear minsken dy ‘t him graach fanalles ferkeapje wolle. En se sjogge Jelmer nuver oan as er fertelt dat er gjin jild by him hat. As Jelmer by it kastiel komt, wurdt er oansjoen foar de nije feint fan ‘e kok. Hy moat hurd wurkje en as syn wurk net goed genôch is, wurdt Jelmer opsluten yn in tsjuster hok. Hy wit te ûntsnappen, mar net foar lang. In ridder bringt him by de kastielfrou, dy ‘t oer syn lot beslisse moat. De kastielfrou docht him in foarstel. Hy mei frij, as er har gouden ring keapet. De ring kostet mar ien sint. Jelmer fynt it nuvere straf, mar hy tinkt oan ‘e sint by it sportfjild dy ‘t no syn libben rêde kin. Fan ‘e kastielfrou mei er de sint ophelje en sa hurd as er kin fljocht er nei it plak wêr ‘t er it sportfjild foar it lêst sjoen hat. Ta syn grutte ferbazing stiet de kantine gewoan wer te plak en it liket wol of hat er alles dreamt. Hy doart hast net oan syn trainer te fertellen wat er belibbe hat, mar dan fertelt de trainer him in âld ferhaal, dat in soad ferklearret.
Wat in aventoer! En mei it belibjen fan it aventoer fan Jelmer, lear ik as lêzer ek noch in soad oer it libben yn tusken de kastielen en ridders. Sa sjocht Jelmer in dûnsjende bear en moat er oan ‘e kant springe foar de ynhâld fan in pispot. “Alles foar in sint” is in leuk boek foar bern fan 8 jier ôf. It boek lêst maklik, it is spannend en hat humor. It past moai yn in midsieuwentema yn ‘e klas, mar ik tink dat it ek foar bern sels prima te lêzen is.

Geef een reactie