Nacht op it eilân

NachtopitEilantekst: Jan Schotanus
yllustraasjes: Jaap de Vries

Paul en Eva sille mei de lêste boat fan Skylge nei hûs ta. Dan sjogge se yn ‘e haven de Sirius fan Greenpeace lizzen en Paul mient dat der noch bêst even tiid is om dy fan tichtby te besjen. Mar hy hat it mis en de boat fart fuort; sûnder Paul en Eva, mar mei heit en mem oan board! Paul en Eva reitsje net yn panyk. Eins fine se it wol spannend om allinne op it eilân te bliuwen. It leafst soene se yn in eigenmakke hut yn de bosk sliepe wolle, mar sa’n hut bouwe falt raar ôf en dan begjint it ek noch te reinen. En ûndertusken wolle se net sjoen wurde!
Yn in skuorre fan Steatsbos fine se in drûch en waarm plak. Mar nachts skrikke se op fan soad leven. Der binne streupers yn ‘e skuorre! As de mannen wer fuort binne, fine Paul en Eva de kaak fan in potfisk ûnder it strie. Dêr wolle se mear fan witte en se geane op ûndersyk út. Op it strân treffe se de plysje en dy is hiel wiis mei de ynformaasje. De oare deis kin de plysje mei help fan Paul en Eva de steupers yn it nekfel krije.

It is mar sa ‘n tin boekje, hoe soe dêr in spannend aventoer yn passe? Toch stiet yn dat lytse boekje in grut aventoer. Mei Paul en Eva as hiele gewoane bern dy ‘t toch mar even moai allinne op it eilân doarre te bliuwen. Mei in aktuele problematyk en hiele spannende draaien yn it ferhaal. De koarte haadstikken meitsje it oantreklik foar de doelgroep. Ik sels hie hieltyd it gefoel: no alwer in haadstik út? Dan noch mar ien. En ja, dan is it boek út foar datst it witst…

“Nacht op it eilân” wie it Aksjeboek foar bern yn 2002. Dat is alwer even lyn, mar dit aventoer soest samar moarn wer belibje kinne.

Geef een reactie