Oer Tante Tjits

In blog oer berneboeken, dat like my wol wat. Lêze is in grutte hobby en foarlêze hast in noch gruttere hobby. Mei twa bern thús en klassen fol op skoalle, kaam ik wol oan myn gerak wat dat oan giet. Meastentiids lês ik Nederlânske berneboeken. Net sa frjemd fansels, doe’t ik noch yn Bodegraven wenne en dêr foar de klasse stie. Alles giet dêr ommers yn it Nederlânsk. Mar doe’t wy nei 15 jier wer yn Fryslân delstrutsen, en alle dagen wer Frysk prate koene, foel it my sa op dat ik dat hjir eins ek noch hieltyd die: Nederlânske berneboeken lêze. Binne der dan gjin Fryske berneboeken of binne der net safolle fan of binne Fryske berneboeken sa leuk net as Nederlânske? Want ek de Fryske bern op skoalle lêze hast allegear Nederlânske berneboeken (en de masters en juffen lêze hast allegear Nederlânske berneboeken foar..). It makke my nijsgjirrich. Want mei lêzen en foarlêzen belibbest de spannendste, grappichste en moaiste aventoeren en wêrom soe dat net yn it Frysk kinne? De taal dy’t ik alle dagen brûk? En ik wit it: aventoeren belibje kin hiel goed yn it Nederlânsk! Mar it moat dochs ek hiel goed yn it Frysk kinne? Dus dêrom dit bloch. In syktocht nei spannende, grappige en moaie aventoeren. Yn it Frysk.
–  Tjitske van Dijk


Over Tante Tjits

Een blog over kinderboeken, dat leek me leuk. Lezen is een grote hobby en voorlezen is misschien wel een nog grotere hobby. Met twee kinderen thuis en klassen vol op school kwam ik prima aan mijn trekken wat dat betreft. Meestal lees ik Nederlandstalige kinderboeken. Niet zo vreemd natuurlijk, toen ik nog in Bodegraven woonde en daar voor de klas stond. Alles gaat daar immers in het Nederlands. Maar toen we na 15 jaar weer terug kwamen in Friesland en elke dag weer Fries konden praten, viel het me op dat ik dat nog steeds deed: Nederlandstalige kinderboeken lezen. Zijn er dan geen Friese kinderboeken? Of zijn er niet zoveel Friese kinderboeken? Of zijn die Friese kinderboeken minder leuk dan de Nederlandse? Want ook de Friese kinderen op school lezen bijna allemaal Nederlandstalige kinderboeken (en de meesters en juffen lezen bijna allemaal voor uit Nederlandstalige kinderboeken..). Het maakte me nieuwsgierig. Want met lezen en voorlezen beleef je de meest spannende, grappige en mooie avonturen. En waarom zou dat niet in het Fries kunnen? De taal die ik elke dag gebruik? En ik weet het: avonturen beleven kan heel goed in het Nederlands! Maar het moet toch ook heel goed in het Fries kunnen? Daarom dit blog. Een zoektocht naar spannende, grappige en mooie avonturen. In het Fries.  –  Tjitske van Dijk

Geef een reactie