De Kening fan Juster

De kening fan Justerskriuwer: Paul van Dijk
foar bern fan 10 jier ôf, dy’t net benaud binne foar wat magy

Fryske aventoeren belibje, dat woe ik. Dêrom dat myn each op dit boek foel. “De kening fan Juster”, dat klinkt mysterieus, toch? Dêr is fêst in aventoer yn te belibjen. En wat in wûnderlik ferhaal is it. Yn it earste haadstik fan it boek is noch neat te fernimmen fan it magyske aventoer dêr’t it ferhaal op ôf giet. It giet oer twa famkes, dy’t ynienen suskes wurde moatte en dat net sa leuk fine. It soe sa it ferhaal wêze kinne fan twa famkes dy’t ik kin. Mar dan komt der in ferhaal by. In magysk ferhaal mei kastielen, nuvere bisten, tsjoenders en trollen. Ik woe hieltyd mar fierder lêze om te witten hoe’t it no ôfrinne soe. Want healwei it boek hie ik noch gjin idee. Net allinnich barre der magyske dingen yn it ferhaal, ek myn holle wie sa no en dan it paad bjuster. De manier wêrop’t de skriuwer de sfear makket en dy dan stikem sa no en dan in bytsje feroaret. Is dy ôfgryslik gemiene tsjoender wol echt in ferskriklik mins? Binne trollen wol echt hiel gemien en wreed? Wa is no de freon fan wa? Hoe komt it mei de raven? Is dy leave pake Marius wol echt sa’n wiis en ferstannich man? Ik wie bliid dat yn elts gefal Renske gewoan Renske bleau; in pittige tante, nijsgjirrich, tûk, foar neat benaud en by eintsje beslút trou oan har famylje.
Ik hie it gelok dat ik it boek yn koarte tiid útlêze koe. Dat wie fijn, om’t ik sa benijd wie nei de ôfrin. Mar ek om de tried fan it ferhaal fêst te hâlden. Want hoe koart at de tiid tusken it lêzen by my ek wie, sels ik moast sa no en dan even werom lêze hoe’t it ek alwer yn elkoar stuts en wat yn it ferhaal no de útstapkes wiene en wat de grutte lijn. Yn alle opsichten in spannend boek! En it kin net misse of der lizze foar Renske noch in hiel soad mear aventoeren yn it foarútsjoch. Ik bin benijd!

Geef een reactie