De oerwinnings fan Tido Houtsma

oerwinnings fan tido houtsmaskriuwer: Thys Wadman
foto’s: Gerrit de Jong fan StudioGraps (www.studiograps.nl)
foar bern fan 10 jier ôf

In jonge fan tolve jier wêze, dat falt lang net altyd ta. Wa’t dat noch net wist, begrypt it hielendal nei it lêzen fan “de oerwinnings fan Tido Houtsma”. Der bard safolle wêrst by wêze moatst, ast it no wolst of net. En hieltyd wurdt der fan dy ferwachte datst in miening hast en it leafst deselde miening dy’t de oaren yn it groepke ek ha. No, Tido fynt net altyd itselde as de minsken dêr’t er mei is. En dus moat er hieltyd kieze: doch ik it wol of doch ik it net? Sis ik it wol of sis ik it net? Nim ik wol of net in trekje fan it shagje dat se my foar hâlde? Sis ik wol of net dat ik net mear nei fioelles wol? En wat fine de oaren dan fan my? Soms liket er hast wol folwoeksen en soe syn heit grutsk op him wêze. Soms kiest er hiel lyts, as in kleuter hast (ik wol it, dus dan moat it). Soms nimt er in beslút wêr’t oaren fan te lijen ha en soest him as lêzer wol in draai om’e earen jaan wolle. Mar faak komme de besluten ek gewoan fansels, dêr begrypt er sels ek net folle fan, mar och, dan sjocht er wol hoe’t it komt. Nee, it falt wier net altyd ta om tolve jier te wêzen!
Tido is gjin held, mar ja, wa is dat wol? It makket Tido ta de jonge dy’t ik wol kin; fan skoalle of fan it doarp. Of miskien liket Tido wol op mysels… De ferhalen binne hiel goed apart fan elkoar te lêzen en roppe eins allegear de fraach op: wat soe ik dien ha as it my oerkomme soe? En dat makket “de oerwinnings fan Tido Houtsma” in hiel leuk en nijsgjirrich boek om te lêzen (en foar te lêzen!).

Geef een reactie