De stilte fan Joachem

StiltefanJoachemskriuwer: Mindert Wijnstra (www.mindertwijnstra.nl)
yllustraasjes: Babs Wijnstra (www.babswijnstra.nl)

Joachem kin ferskriklike goed tekenje. Hy tekenet alles wat syn eagen sjogge. Hy hat in hekel oan praten. Sterker noch: hy hat al in healjier net in wurd mear sein. Dat komt omt er stammeret. Hy hat noch leaver dat minsken lilk op him wurde omt er neat seit, dan dat se him útlaitsje. Lokkich wurdt syn freondintsje Marijke nea lilk op him.
Op in dei fynt Joachem in deade koekoek. Omt it sa ‘n bysundere fûgel is, betinkt master dat it moai wêze soe om him opstopje te litten. Oan ‘e râne fan it natoergebied bûten it doarp wennet in man dy ‘t dat wol kin. Mar Marijke en Joachem ha net safolle nocht om by dy man del te gean. Net ien wit hoe ‘t de man echt hjit; elstenien neamt him Einstein. Einstein giet de minsken fan it doarp út ‘e wei en der binne nuvere ferhalen oer de man. Dochs weaget Joachem it der op. En dan docht it bliken dat Einstein, lykas Joachem, in soad fan de natoer en fan tekenjen hâldt. Der ûnstiet in bysûndere freonskip tusken Joachem en de âld man. En ek mei Herta, de hûn fan Einstein, kin Joachem goed opsjitte. Hieltyd faker begjint er tsjin ‘e hûn te praten.
Fan heit en mem mei Joachem net mear by Einstein komme. Se fine it in nuvere freonskip en boppedat geane der ferhalen dat Einstein wat te krijen hân hat mei de dea fan in jonkje in skoft lyn. Mar Joachem lit him net tsjinhâlde en giet wol nei it âlde pleatske. Marijke mei der fan har mem ek net komme. Mar as Marijke der dochs in kear hinne giet om te sjen oft har freon echt by Einstein is, sjocht se de âld man mei in grut mes op Joachem ôfrinnen. Yn panyk flechtet se nei it doarp en alle alarmbellen geane ôf. De plysje komt mei in soad leven by de pleats, wêr ‘t Herta blyn fan lilkens tekear giet. De plysje doart sa net yn ‘e hûs te gean en wol de hûn deasjitte, mar Joachem komt krekt it hiem wer op en dravend en roppend wit er it sjitten te foarkommen en dernei de hûn mei sêfte wurden del te bêdzjen. Heit en mem witte net wat se hearre en sjogge.

De titel fan it boek docht net drekt tinken oan in spannend ferhaal. En yn it boek sels is der ek in soarte fan rust, stilte, krekt as dy fan Joachem. Mar der barre wol in soad spannende dingen. De twa jonges dy’t Joachem mar in rare fine en him graach narje meie, de moetinge mei dy nuvere âld man mei syn waakse hûn en it ein fansels, wêr ‘t Joachem mar krekt foarkomme kin dat de hûn deasjitten wurdt. De rêstige Joachem mei syn tekentalint liket earst in kwetsbere, wat silige jonge, mar stadichoan murk ik dat dat byld net klopt. Hy kiest der foar om neat te sizzen; sels net as er narre wurdt. Hy doart wol hielendal allinnich nei in man te te gean wêr ‘t oaren fan sizze dat er nuver en eng is. En stadichoan doart er ek wer te praten.
De moaie beskriuwingen fan Mindert Wijnstra bringe my echt yn it ferhaal. De iensummens fan de pleats fan Einstein, de stilte fan de poel yn it natoergebied, prachtich delset. In moai boek, wêryn ‘t mar wer ris dúdlik wurdt dat dingen soms oars binne as se lykje.

Geef een reactie