De Traveliers – Spoaren!

út de Traveliers-rige (www.traveliers.nl)  Spoaren
skriuwster: Anny de Jong
foar bern fan 10 jier ôf

Wa’t in soad reizget, kin in soad ferhalen fertelle. Foar de famylje Travelier jildt dat yn elts gefal wol! Yn dit boek út de Traveliers-rige geane heit Marten, mem Jelma en Hidde en Fardau op wintersportfakânsje. Net, lykas eltsenien, nei de Alpen, mar nei Finlân. Want se hâlde wol fan aksje en aventoer en fan de dingen krekt even oars dwaan as in oar. Se geane dan ek net samar nei Finlân om te skyen en te snowboarden, mar ek om it lân wat better kinnen te learen. En ik as lêzer stek sa ek noch ris wat op. Dat kin altyd noch ris fan pas komme yn myn folgjende leven as wrâldreiziger. Mar it is net allinnich in boek wêr’t je wat leare kinne, der bart noch mear. Want as de famylje in pear dagen mei in hûneslide op paad is, fine Hidde en Fardau in ûnbemanne fleantúchje dat delkommen is. Is dat fleantúchje wol echt in Russyske waarsatelyt, sa’t de Russen de Finnen leauwe litte wolle? Of hat it wat te krijen mei it oaljefjild by de grins? Hidde en Fardau binne nijsgjirrich en meitsje it fleantúchje iepen. De Russen krije yn’e gaten dat se der wat fan meinommen ha en litte it der net by sitte. Se nimme de dieders sels mei oer de grins om ûderfrege te wurden.
It is in spannend ferhaal en sa skreaun dat ik it hielendal foar my seach. It lêst hiel flot troch in hiel soad dialooch. It moaie is ek, dat de helden fan it boek echt hiel stoer binne, mar ek hiele gewoane bern. Hidde hâldt fan alles wat snel giet en stoer is, Fardau hâldt derfan om even te pleagjen en waarme geitetsiis fine se fiis. Ik fyn it foaral ek sterk dat it aventoer by de bern bliuwt. De polityke problemen bliuwe de problemen fan de Finnen en de Russen en komme net op’e foargrûn. It giet om it aventoer fan’e bern. Masters en juffen, ik soe sizze, dit is ien om foar te lêzen. Past prima yn it Noard-Europa-tema, lêst flot en is noch spannend ek!

Oare boeken yn’e Traveliers-rige: “It goud fan de Aboriginals” en “Kantsje board op Kurasao” troch Auck Peanstra, “Yslik aktyf” en “In flitsend hûntsje” troch Anny de Jong en “Fûgelfrij yn de canyon” troch Jan Schotanus.

Geef een reactie