De trije klokketiers fan Koartsweagen

tekst: Janny van der Molen (jannyvandermolen.nl)
yllustraasjes: Monique Beijer (moniquebeijer.nl)

Alle jierren giet groep 8 nei it eilân, mar dit jier is it oars. De klasse fan Pier, Lars en Noortje giet nei Koartsweagen. Pier en Lars moatte wol oan dat idee wenne. Koartsweagen, dêr is ommers allinne mar gers! Mar op ynternet ûntdekke se in lyts tsjerkje flakby de kampearbuorkerij! It stiet midden yn it grien en hat in hôf mei in soad grêfstiennen. Om it skoalreiske in bytsje spannender te meitsjen, betinke Pier, Lars en Noortje in plan. Se wolle nachts, as elkenien sliept, yn it tsjuster nei de tsjerke rinne en omstrune op it hôf. In bytsje grizelje, bytsje pikefelje: leuk dochs?
It wurdt in moaie tocht, mar op it tsjerkhôf bart wat nuvers: yn de neare nacht heart Pier de klokken fan de tsjerke lieden, mar Lars en Noortje hearre neat! It wurdt allegear noch frjemder as Pier op harren twadde nachtlike tocht de 100 jier âlde brief fan Tjalle fynt. Dy namme seach Pier op ien fan de grêfstiennen op it tsjerkhôf! Tjalle wie boer en klokketier fan de tsjerke. Mar de klok dêr’t Tjalle sa wiis mei wie, waard ferkocht. Yn de brief freget Tjalle de lêzer om op syk te gean nei de klok en dy werom te bringen. Pier kin net oars: hy moat dy opdracht oannimme. Mei Lars en Noortje ûntdekt er wêr’t de klok no is en hy hellet sels it nijs mei syn opdracht. Op in hiele bysûndere wize bringe Pier, Lars en Noortje it lûd fan de klok werom nei Koartsweagen.

Leuk boek, moai aventuer! Dy klasse fan Pier, Lars en Noortje, dêr soe ik as lêzer samar yn sitte kinne. It ferhaal koe dus samar oer my gean. Ik gean mei op skoalreiske, nachtlike tochten, allinne yn de trein! It ferhaal is lekker fan no: ynclusyf wifi, google en drokke, wurkjende âlders. Mar ek fan alle tiden mei smoezen yn de trant fan: ‘asto seist datst by my bist, dan sis ik dat ik by dy bin’ en it fantastyske idee fan de bern dat se de klok wol even ophelje sille. Fansels helpt it ek mei dat it in boek mei histoarje is. Ik bin gek op boeken dêr’t skiednis yn sit. Want it tsjerkje en de klok fan Koartsweagen besteane echt en Tjalle Tammes de Jong wie echt de klokketier fan Koartsweagen. Fan no oan sil ik noch wat better om my hinne sjen as ik by de Gordyk omryd.

Neat op oan te merken dus? No, as ik dan wat sizze moat: dy lange titel, ‘De trije klokketiers fan Koartsweagen’. Hmm, it alliterearret lekker, dat wol. Mar soe de doelgroep dêr foar falle? En de wurden… Klokketiers? It past by de ynhâld, ja, mar is net in wurd dêr’t ik fuort fan tink: ja spannend! Koartsweagen? Ek logysk, ast de ynhâld fan it boek kinst. En ast dêrwei komst (of LDODK-fan bist) is it ek leuk, mar de namme is fan in behoarlik AVI-nivo, tink ik. Skrikt dat net ôf? Of moatte wy dêr mei ús allen net sa benaud foar wêze?

Konklúsje: de titel oerslaan en fuort begjinne te lêzen. En omdat ik fan by ús thús wit dat dat net maklik is, leit hjir in taak foar heiten, memmen, masters, juffen en biblioteekmeiwurkers. It is de muoite wurdich!

 

Dit boek makke diel út fan it Under de Toer-projekt ‘De klok moat werom’. Dit wie in projekt yn it ramt fan Ljouwert Kulterele Haadstêd 2018. Soene der noch mear leuke berneboeken út de Under de Toer-projekten komme?