De ûnmooglike reis fan de Santa Maria

DeUnmooglikeReisfandeSantaMariatekst: Jan Schotanus (www.dattekstbureau.nl)
yllustraasjes: Jaap de Vries

Beart en buorfamke Etsje binne op fakânsje yn Portugal. Se ha in houten tontsje fûn yn ‘e dunen. Mar as se dy nei har fakânsjehúske sjouwe, binne te hastich en Beart falt. Hy komt nuver telâne en hat in harsensskodding. As se allegear fan ‘e skrik bekommen binne, sille se it tontsje iepen meitsje. Yn it tontsje sit gjin goudskat, sa ‘t se hoopje, mar in bondeltsje seildoek mei perkamint. Op it perkamint ûntsiferje se in pear letters en in jiertal: 1492. It jier dat Kolumbus nei Amearika sylde mei de Santa Maria, de Nina en de Pinta. Soe it wêze kinne…?
Etsje en har heit en mem meie mei de fynst del komme by it museum. Beart mei noch net mei, hy moat rêst hâlde. Syn tamme rôt Beppy hâldt him selskip.
Wylst Etsje-en-dy fuort binne, begjint Beart te dreamen. Hy dreamt dat hy, as de skipsjonge Bartholomé, oan board is fan de Santa Maria. Bartholomé moast derfoar ôfskied nimme fan syn freondintsje Estrella, dy ‘t him har tamme rôt Camelia mei jûn hat as oantinken oan har.
Oan board fan ‘e Santa Maria makket Bartholomé nije freonen en wurket hurd. Syn tekenkeunsten falle admiraal Kolumbus op en de skipsjonge mei helpe by it tekenjen fan ‘e kaart.
Ek de rôt Camelia makket nije freonen. Want der binne net allinne minsken oan board fan ‘e Santa Maria, mar ek in hiel koar fan rotten, dy ‘t har eigen aventoeren belibje.
De bemanning fan de Santa Maria makket hiel wat mei. Wynstiltes, stoarm, in fijannich skip dat har dwers sitte wol en de bemanning sels, dy ‘t nei in hiel skoft op sé begjint te twifeljen oft se net oer de râne fan ‘e ierde hinne sile sille.
Yn ‘e skoften dat Beart wekker is, wurdt hieltyd dúdliker dat it tontsje wat se fûn ha wol hiel bysûnder is. It koe wolris echt fan de Santa Maria komme! En dat makket de dream fan Beart noch folle spannender fansels.

“De ûnmooglike reis fan de Santa Maria”, in prachtige titel. Noch foar ‘t it boek iepen is, fielst it aventoer al.
It is leuk dat it boek begjint yn de tyd fan no. Wa sjocht op it strân net om har hinne foar bysûndere fynsten? En sa ‘n tontsje kin ik miskien ek wol fine.
Der rinne trije ferhaallinen yn it boek: dy fan Beart en Etsje, dy fan Bartholomé en Estrella en dy fan it rottekoar. Elts ferhaal hat syn eigen sfear en gjin momint rakke ik dêr mei yn ‘e war.
Tusken it ferhaal fan Beart en Etsje en it ferhaal fan Bartholomé en Estrella binne oerienkomsten. Leeftiden, nammen, bisten; ik soe hast ferjitte dat it skiednisferhaal in dream is. It koe samar it echte ferhaal fan de foarâlden fan Beart en Etsje wêze.

“De ûnmooglike reis fan de Santa Maria” is in leuk aventoereboek mei spannende en grappige draaien. En in oanrieder foar bern dy ‘t it leuk fine om ferhalen te lêzen dy ‘t yn it ferline spylje.

Geef een reactie