In Flitsend Hûntsje

TraveliersFlitsendHuntsjetekst: Anny de Jong (wikipedia oer Anny de Jong)
foar 10+

“In Flitsend Hûntsje” begjint mei it plan fan Fardau om yn ‘e maaiefakânsje nei har neef yn Skotlân te gean. Net mei heit, mem en broer Hidde, mar allinne mei freondinne Doutsje. De froulju sjogge it hielendal sitten. Mem wol der earst neat fan witte, mar heit moat dy kant dochs op foar syn wurk en wit mem oer te heljen om se gean te litten. Ien kear yn Skotlân by de famylje wurdt al gau dúdlik dat it net in rêstige fakânsje wurde sil. Omke hat skiep en sit fol yn ‘e lammerij. Fardau en Doutsje binne tige wolkom om te helpen op ‘e buorkerij. Sa helpe se by it lammefangen en moatte se in keppel skiep út ‘e heuvels nei hûs bringe. By dat lêste krije se help fan bordercollie Sweep. Mei Sweep docht neef Hugh ek mei oan sheepdogtrails. Fansels meie de freondinnen mei om by in wedstriid te sjen. Se sjogge dêr har eagen út! Hielendal út ‘e skroeven winne Hugh en Sweep de “Silver Whistle”. Mar de stemming slacht gau om, as se nei de priisútrikking Sweep net fine kinne. Sweep rint nea fuort, dus de famylje giet fan it slimste út: immen hat de hûn meinommen! In lange syktocht en hiel wat tillefoantsjes letter krije se te hearren dat der in hûn mei Sweep syn kokerke om ‘e hals deariden is troch in frachtwein, in hiel ein út ‘e streek. Eltsenien is ferslein en de fakânsje fan Fardau en Doutsje einiget yn mineur.

Yn ‘e simmerfakânsje beslute mem Jeldau, Hidde en Fardau en freonen Jelle en Doutsje werom te gean nei Skotlân. Heit giet net mei, hy moat oan it wurk. By tafal ûntdekke se dat der in nêst jonge hûnen is, wêrfan ‘t de pups wol in hiel soad op Sweep lykje. Hugh is oertsjûge: dit nêst is fan Sweep! En om ‘t dat nea kinne soe as Sweep echt dea is, moat er noch libje! De hiele famylje komt yn ‘t spier om de ûnderste stien boppe te krijen. Dat slagget, mar Sweep wer thús krije, dat is net sûnder gefaar!

Ik ha no al in oantal dielen lêzen út ‘e Traveliers-rige. En mei it earste haadstik fielt it drekt wer fertroud. Want ik kin de Traveliers ommers. Heit Marten altyd drok mei syn wurk, de bern fol fjoer oer in plan wat se betocht ha en mem Jelma dy ‘t earst op ‘e rem trapet en dan dochs entûsjast wurdt. Eins wist ik it al doe ‘t ik it boek kocht (2,50! is it gjin skande?): dit wurdt wer in aventoer.
Sa ‘t ik went bin fan ‘e Traveliers lear ik geandewei stikem wat; oer lammefangen, sheepdogtrails en hûnefokkerijen dizze kear. En mei dank oan ‘e tûke, ympulsive Fardau en har neef Hugh gean ik fol oertsjûging mei op syk nei de boeven dy ‘t Sweep stellen ha. Wy sille se krije!
It leuke oan dit boek is, dat it echt fielt as soe it my ek oerkomme kinne. Der barre foaral in hiel soad gewoane dingen. Dat Fardau, Doutsje en Hugh soms dingen dogge dy ‘t ik net dwaan soe – wa springt der no foar in ridende auto? – snap ik hielendal en ik soe dat miskien sels ek wol doarre wolle. Moai dat dat kin mei in boek!

Geef een reactie