Kampioenen fan FC TOP

KampioenenfanFCTOPskriuwer: Jelle Bangma
yllustraasjes: Janneke de Jonge (www.jannekedejonge.nl)

“Kampioenen fan FC TOP” is it ferfolch op “Skoare by FC TOP” (sjoch hjir)

Kiest David no wol of net foar de oerstap nei grutte fuotbalklup FC TOP? Dat wie de fraach wêr ‘t ik oan ‘e ein fan it boek “Skoare by FC TOP” mei sitten bleau. Doe krige David nei in drege proefperioade by de klup twifels oer oft hy syn fertoude leventsje wol opjaan woe foar in kâns op in fuotbalkarriêre. Fan dy twifels is yn “Kampioenen fan FC TOP” gjin spoar mear. David giet der foar, al is dat net maklik. Moarns betiid yn ‘e bus nei de stêd, dêr nei skoalle en fuort út skoalle wei nei it trainingsfjild. Ek thús moat er hieltyd rekken hâlde mei it fuotbaljen. Op sneontejûn nei de film kin samar net, want op snein moat er skerp wêze foar de wedstriid. Boppedat is er net de ienige dy’t aardich fuotbalje kin, der binne yn ‘e seleksje mear kandidaten foar syn posysje. Hy moat hieltyd sjen litte dat er it wurdich is om opsteld te wurden. Dat kostet in soad enerzjy.
Gelokkich is Kendra der. Sy jout David alle enerzjy dy ‘t er nedich hat. Kendra soe it leafst ek op fuotbal gean. Neffens David kin se wol meidwaan mei de ‘meisjesvoetbaldagen’. Mar har âlders fine fuotbal neat foar famkes. Yn in geheim jout se har dochs op. Se belûkt har beppe yn it komplot en dat is in gouden set. Kendra en David meie by beppe útfanhûzje, beppe lient Kendra jild foar fuotbalskuon en tusken de bedriuwen troch wit beppe ek noch har soan derfan te oertsjûgjen dat fuotbal wol by Kendra past. Nei de ‘meisjesvoetbaldagen’ wit Kendra it seker: se wol net as famke-famke mei moaie klean oan troch de stêd rinne, mar mei in bal oan ‘e foet oer it flild drave.
David hat in ûndertusken dreech. Nei in minne wedstriid moat er op ‘e bank begjinne en Matthijs stiet op syn plak. Yn in jaloersk, teloarsteld momint foar de wedstriid beslút David in pûdsje jokpoeier te leegjen yn ‘e djoere skuon fan Matthijs. Matthijs moat gek fan jokte it fjild út en syn âlders wolle in ûndersyk. David seit neat, mar is deabenaud dat it útlekke sil. Gelokkich foar David rint it ûndersyk úteinlik op neat út en kin er him wer hielendal konsintrearje op ‘e kampioenswedstriid dy ‘t der oan komt.

Yn “Kampioenen fan FC TOP” merkt David dat er no dan wol by de grutte klup sit, mar dat it dêrmei noch net klear is. Hy komt hieltyd wer foar keuzes. Heit of mem? Freon Jeffrey of Kendra? Teambelang of eigenbelang? Bewûndering of jaloezy? Der is net altyd in goeie tuskenwei. En gelokkich liket David in hiel soad op ús allegear en kiest er wol ris mis. Dat er der mei fuort komt, giet wol wat yn tsjin myn gefoel fan rjochtfeardigens (tsja, mem en juf…), mar dan betink ik my mar dat Matthijs de lekkerste ek net is en dat de benaudens fan David syn straf dan mar wie. De bern fan groep 7/8 hiene der hielendal gjin muoite mei dat it foar David mei in sisser ôfrûn. En sy ha fansels gelyk.
Foar de fuotbalfammen ûnder ús – ik ha der thús ek ien en der binne hieltyd minder heiten dy’t sa âlderwetsk binne as Kendra har heit – is it fansels hearlik om oer it fuotbaltalint fan Kendra te lêzen.
In boek dus foar alle fuotbaltalinten, jonges èn fammen. Mar ik tink dat der ek genôch yn it boek sit foar jonges en fammen dy ‘t net dreame fan in fuotbalkarriêre by in grutte klup.

 

Geef een reactie