Kantsje board op Kurasao

TraveliersKantsjeBoardtekst: Auck Peanstra

Wa’t wolris meidocht oan in priisfraach, dy wit it: Earst bist der noch fol fan, mar nei in skoftsje ferjitst datst meidien hast. Sa gong it Jelma Travelier, de mem fan Fardau en Hidde, ek. En dan komt de brief mei it goede nijs: Jelma hat wûn! De Traveliers meie op reis nei Kurasao!

Fan in kollega hat heit allegear tips krigen oer Kurasao en mei in spesjaal paske fan syn wurk mei er op plakken komme, dêr’t de gewoane toerist net komme mei. Fardau en Hidde geane fansels mei! Sa sjogge se de prachtigste plakjes fan it eilân. Om hieltyd by heit oan ’e hân te rinnen, is neat foar Fardau en Hidde. Se geane sels op ûndersyk út. Yn de bosk fine se in hutte. It is der in binde, mar de hutte liket ferlitten. Yn ’e hutte stiet in âld kuolkast. As Fardau en Hidde sjen wolle oft der miskien wat drinken yn sit, falle der tsien pûdsjes mei wyt poeier út. Hidde wit fuort wat it is: drugs! En hy wit ek dat it ferstannich is om no sa gau mooglik werom te gean nei de auto! Wylst Hidde bûten op ’e útkyk stiet, rommet Fardau de pûdsjes op. Drugs… soene har freondinnen dat wolris yn it echt sjoen ha? Sûnder der goed by nei te tinken stoppet se ien pûdsje yn ’e bûse. Dan heart se Hidde fluitsjen: der komt ien oan! Se drave sa hurd as se kinne, mar der komt harren ien achternei. Gelokkich is de auto net fier fuort en stiet heit al op de bern te wachtsjen. As de achterfolger heit by de auto stean sjocht, stoppet er mei draven en docht er krekt as rint er dêr tafallich. Heit hat neat yn ’e gaten en se kinne ynstappe en fuortride as wie der neat bard.

De fakânsje giet fierder. De Traveliers genietsje fan it prachtige Kurasao. Mar ûndertusken brânt it pûdsje mei it wite guod Fardau yn ’e bûse. Se hie it nea meinimme moatten! As se Hidde fan har aksje fertelt, betinkt hy in oplossing: fuortgoaie dat spul. Dan komt nimmen derachter dat sy it stellen hat. Mar wat moat dy ljochtblauwe Opel Manta hieltyd yn ’e buert fan de famylje? En is it tafal dat harren achterfolger sa faak op itselde plak is as sy?

De man wol syn pûdsje werom ha. Hidde en Fardau soargje dêrfoar, mar dat blykt net genôch. De bern witte tefolle en dêrom wurde se mei geweld yn ’e auto treaun en meinommen. Mar Hidde en Fardau kinne ûntsnappen en yn in boatsje geane se de see op. Allinne… it boatsje hat gjin moter en gjin riemen en de sterke stream is fan de kust ôf! Sûnder drinkwetter yn ’e gleone sinne op see hâlde de bern it net lang fol. Wylst se hieltyd fierder fan de kust ôfdriuwe, liket it erop dat Fardau en Hidde it net helje sille.

In spannend aventoer sa’t ik dat wend bin fan de Traveliers, hearlik! En dochs ek wol wer in bytsje oars. Dizze kear is it in aksje fan Fardau dy’t de besite oan Kurasao ta in thriller makket en net drekt de sitewaasje op it eilân. It spannende sit him yn dit ferhaal ek net yn grutte komplotten en snelle achterfolgings. It spannende sit him yn de stille driging en de eangst fan de bern foar harren achterfolger. Gelokkich krije heit en mem krekt op ’e tiid yn ’e gaten dat der wat mis is. It is echt kantsje board dizze kear!

Geef een reactie