Skytmerakels!

Auck PeanstraSkytmerakels

Anke wol op hynsteriden. Har freondinne sit der al op en it liket Anke ek moai om hynsteriden te learen. Mar thús doart Anke it net te freegjen. Har mem moat neat fan bisten ha. Fan har heit soe se hiel miskien noch wol meie, mar Anke wit seker dat it fan mem net mei. Freondinne Marit seit dat it fêst wol mei as se hiel leaf is. Anke besiket dat, mar it hellet neat út: mem wol it net lije. Anke wurdt poerlilk en fytst nei pake. Pake begrypt Anke wol: hy hat eartiids sels bisten op stâl hân en hat ek altyd gek west fan hynders. Pake hat in goed idee. Hy kin Anke ommers wol nei it hysteriden bringe. Earst wol mem noch net om lyk, mar pake praat mei heit en dan mei it! Anke fynt it hynsteriden prachtich en ek pake hat it hiel bot nei’t sin op de manege. Dan op in dei hat pake in grutte ferrassing foar Anke: yn de âlde stâl stiet in pony! In pony foar Anke. Anke komt no alle dagen by pake om foar Bles te soargjen en te riden.
Dan komt der in naar berjocht: pake hat in hertoanfal hân en leit yn it sikehûs. It giet allegear hiel fluch. Noch foardat Anke pake besykje kin yn it sikehûs, stjert pake. Anke is der kapot fan. Dy leave pake dêr’t se sa goed mei opsjitte koe! En hoe komt it dan mei pake syn hûs en, ek net ûnbelangryk: hoe komt it mei Bles?
Heit en mem kinne it ek net mei-inoar iens wurde oer pake syn hûs, se meitsje hieltyd faker rúzje en it komt sels safier dat heit de doar achter him ticht slacht en fuortgiet. Anke wurdt lilk. It kin har allegear neat mear skele. Se rint fuort! Mei Bles. Se wol net langer by heit en mem wêze. Mar oft dat no de bêste oplossing is?

In boek mei in hynder foarop, dat is altyd oanloklik foar froulju fan in jier of tsien, sa’t ik der ien fan thús ha. En it begjin is dan ek in prachtich hynstefamkesferhaal. In famke hâldt fan hynders, mei net op les, hat in leave pake, mei dochs op les en krijt sels in eigen pony! Machtich moai. Mar dan is it boek fan Auck Peanstra pas op ’e helte. It blykt allegear net samar goed ôf te rinnen. Want mem hâldt noch hieltyd net fan hynders en dy leave pake is der net altyd om de boel foar Anke regeljen. Ja, it boek giet dan noch altyd oer dy leave pony yn it hok, mar ynienen ek oer rúzje tusken âlders en it ferdriet om it missen fan pake. Dat is net maklik. Gelokkich komme heit, mem en Anke der krekt op ’e tiid achter wat echt belangryk is. Se nimme alle trije in hiel moedich beslút en dan kinne se gelokkich mei syn trijen fierder.

‘Skytmerakels!’ is in hearlik hynsteboek foar froulju dy’t hâlde fan ponnys knuffeljen, bûtenritten meitsjen en lange boarstelsesjes. In boek dat giet oer in echt famke, dy’t fansels it leafst oan hynders tinkt, mar ek noch oare dingen meimakket dêr’t se oer neitinke moat. En sa is it by echte hynstefamkes dochs ek?

 

Op de websiden fan Sirkwy en It Skriuwersboun wurdt omtinken jûn oan it ferstjerren fan skriuwster Auck Peanstra yn febrewaris fan dit jier.

Geef een reactie