Snot en Triennen

SnotenTriennentekst: Baukje Wytsma
yllustraasjes: Babs Wijnstra

Snot en Triennen is in hiele kleurige dichtbondel. En dan doel ik fansels net allinne op de grutte, kleurige yllustraasjes fan Babs Wijnstra. De gedichten binne al like kleurryk. De taal fan de skriuwster draagt der oan alle kanten oan by.

Baukje Wytsma kin hearlik boartsje mei wurden. Har opsommings kinst hast wol sjonge, sa lekker rinne se. En de nammen fan har kleurrike figuren fertelle dy al mei wa ‘st te krijgen hast: Minke Muts, Danny Rot, Lyfke Krantewyfke, Jeltsje Snottebeltsje, Klaske Samar-Kjel.

De ûnderwerpen fan de gedichten binne hiel ferskaat. De gedichten geane oer deistige dingen, lykas in beugel krije en in hûn dy ‘t deagiet. Mar ek oer nuvere, fantasyrike situaasjes en dingen as in iiskâlde kening en in luzeleger. Der binne gedichten dy ‘t omskriuwe, gedichten om lûdop om te laitsjen, mar ek gedichten dy ‘t suver filosofysk oandogge en wêrst mei de doelgroep hiele leuke gesprekken oer ha kinne soest.

Guon gedichten binne sa ‘t se binne. ‘Pony Petronel’ is bygelyks gewoan in ode oan ‘e leafste pony fan ‘e wrâld. Mar der binne ek gedichten by dy ‘t mei in oar gefoel eindigje as dat se begjinne. Sa is Danny Rot miskien toch net sa ‘n aakliksma ast earst tochtest en hat dat och-sa-fertrietlike famke fan “Snot en Triennen” no echt fertriet of stelt se har oan?

Al mei al in hiele nijsgjirrige dichtbondel. Net sa maklik foar boppebouwers fan ‘e basisskoalle om sels te lêzen, tink ik. Mar mei wat oefenjen slagget it fêst. En hee, dy grutten fine foarlêzen ek echt noch wol leuk, hear!

Geef een reactie