Spegelspreuk

Spegelspreuktekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl)
yllustraasjes: Roelof van der Schans (roelofvanderschans.nl)

‘Maria-Louise-Jier’ wie it yn 2015. Dit jier wie it 250 jier ferlyn dat Maria Louise van Hessen-Kassel yn it Princessehôf yn Ljouwert stoar. It boek “Spegelspreuk” spilet him ôf yn it Ljouwert fan Marijke Muoi.

De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, is fuortrûn út Den Haach. Hy fynt it hearlik om as gewoane jonge te reizgjen. Even gjin Frânskpratende poeierpruken om him hinne. Hy hat der sels “gewoane-jonges-klean” by oan. It liket him moai om ris yn Ljouwert te sjen, by syn beppe. Mar as er yn Ljouwert oankomt, is it dien mei syn frije libben. Beppe wol Willem perfoarst net bûten ha. Der soe him samar wat oerkomme kinne! En dus moat er binnen bliuwe en ferfeelt er him dea. Mar dan komt der in âld wyfke by it paleis. Se hat in putterke by har en Willem lit har der yn. As it paleispersoniel it âlde wyfke fuortjeie wol, sprekt sy in mysterieuze spreuk út en beskynt mei har spegel allehande foarwerpen yn it keunstkabinet. Fan dat momint ôf barre der frjemde dingen yn it paleis… Eltse kear as de klok tolve slagt, komt ien fan de beskynde foarwerpen ta libben. Earst in hazze, dy ‘t mei gang it paleis útflechtet: oant safier neat spannends oan. It wurdt oars as der in man út in tegeltsje stapt. Om him net te bot opfalle te litten, beneamt Willem de man ta oppaslakei. It docht bliken dat Willem en Lodelakei hiel bêst meiïnoar oerwei kinne. En ek it hûntsje dat ta libben komt, wurdt in freontsje fan Willem. Tegearre besjogge se de oare foarwerpen dy ‘t it âlde wyfke mei har nuvere spegel beskynd hat. Dat liket net sa moai: in leguaan, in oaljefant, fleanende en fjoerspuiende draken…
Willem en Lodelakei geane op syk nei de spegel fan it âlde wyfke. Se moatte de spegelspreuk omkeare! Mar hoe? Wêr kinne se dy spegel fine? Hoe kin Willem it paleis útkomme sûnder dat de paleiswachten him sjogge? Hoe feilich is it werklik foar in jong prinske yn Ljouwert? Wat moatte se mei de nuvere bisten dy ‘t ta libben komme?
Mar Willem en Lodelakei slagje deryn om de spegel te finen. Dan kinne se de spreuk omkeare, noch foar ‘t de draken ta libben komme. Dan ynienen betinkt Willem him dat er dan ek syn leave hûntsje en syn freon Lodelakei wer misse moat. Dat wol er hielendal net… Gelokkich soargje twa boeven mei kweade plannen dat it allegear dochs noch krekt even oars komt.

In moai aventoer, in mearke, in skiednisferhaal; “Spegelspreuk” hat it allegear. In prins dy ‘t leaver in gewoane jonge wêze soe, in magyske spegel, in nachtlike tocht om de draken foar te bliuwen. En dat yn it Ljouwert fan de 18e ieuw. Alles mei de moaie en humoristyske yllustraasjes fan Roelof van de Schans.

Is it ien sterker as it oar? Ik fyn “Spegelspreuk” mei nammen in aventoer oer in jonge dy ‘t tafallich in prins is en mient dat er alles wol kin. Dy ‘t him fanalles op ‘e hals hellet, mar net benaud is om de dingen wer rjocht te breidzjen. Foar de humor en de spanning yn it boek is it moai dat dat net al te maklik giet. Al hiene de twa boeven om my noch wol wat tichter by har doel komme mochten om it noch wat spannender te meitsjen.

Earlik is earlik: dat it “echt” yn Ljouwert spilet, fyn ik in moai ekstraatsje fan it boek. Ik hâld derfan om om my hinne te sjen en te betinken wat der eartiids op itselde plak bard is. “Spegelspreuk” kin as in film oer Ljouwert hinne lein wurde, dus krekt wat foar my. Mar ek ast neat mei Ljouwert of mei skiednis hast, is dit boek leuk om te lêzen. In spannend aventoer mei in hiel soad nijsgjirrige yngrediënten.

Geef een reactie