Fryske Berneboeketiid

De Berneboekewike is wer begûn! Foar it Frysk betsjut dat de start fan de Fryske Berneboeketiid. Wisten jim dat wol?

Midden yn de Berneboeketiid – en oan it ein fan de lanlike Berneboekewike – wurdt de Berneboekedei organisearre yn Terherne mei de wrâld oan aktiviteiten rûnom berneboeken. Tink mar oan teater, muzyk, nifelje en foarlêze. En it is noch fergees ek. Dit jier yn it tema fan de lanlike berneboekewike ‘Gruwelijk eng’.  Krekt even in leuk útstapke op sneintemiddei. Dus snein 15 oktober tusken ienen en fiven allegear nei Terherne. As jim doarre fansels… Mear ynformaasje op www.berneboekedei.frl of www.kinderboekendag.nl.

By de Fryske Berneboeketiid heart ek it aksjeboek foar bern. ‘De huodsjes fan Mata-Hari’ is in boek foar bern fan de boppebou fan de basisskoalle. It is skreaun troch Lida Dykstra en yllustrearre troch Natascha Stenvert. Dit pronkje is yn de Fryske Berneboeketiid te krijen foar in moai pryske, mar gelokkich dêrnei ek noch gewoan te keap. De Berneboeketiid rint fan 4 o/m 31 oktober. Benijd nei de ynhâld? Lês it besprek fan ‘De huodjes fan Mata-Hari’ op dizze webside.

IMG_7200

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

De volgende HTML-tags en -attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>