Hanneke de Jong yn Wommels

IMG_3339Woansdei 23 septimber mocht ik wer nei de byb yn it ramt fan “Blogger van de Maand”. Diz’ kear mei skriuwster Hanneke de Jong. Op it momint dat de skoallen yn Wommels út giene, sieten wy der klear foar. De bern koene sa oanskowe. Hanneke de Jong hie har boek “It ear fan Sven” meinaam. Se lies der net allinne út foar, se fertelde tuskentroch fanalles oer it krijen fan ideeën, oer de moaie mix tusken wat echt is en wat fantasy en oer hoe ‘t in idee in boek wurde kin. Sa fertelde se dat se ris in goed idee hie en dat idee hielendal opskrean hie yn it Nederlânsk, mar dat it pas echt in moai ferhaal waard doe ‘t se it yn it Frysk opskreau. Want ja: “ast dreamst yn it Frysk, wêrom soest in ferhaal dan net yn it Frysk skriuwe?” IMG_3341
De takomstige skriuw(st)ers ûnder it publyk sieten mei sân pear earen te lústerjen nei it spannende ferhaal oer Sven (wêr soe er dochs bedarje mei dy raket?) en nei de tips van Hanneke de Jong (“yn al myn boeken sit wat fan mysels”). En nei it foarlêzen waard der fansels in hantekening skoart! Hanneke de Jong, tige bedankt foar dizze leuke, ynspirearjende middei.

Kommende sneon, 26 septimber, geane we noch ien kear mei “Blogger fan de maand” op in paad. Dan komt Paul van Dijk om 11 oere nei de byb fan Joure. Binne jim der ek by?

Geef een reactie