De Huodsjes fan Mata-Hari

HuodsjesfanMataHaritekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl)
yllustraasjes: Natascha Stenvert (nataschastenvert.nl)

Selden ha ik sa’n kleurich, ryk yllustrearre, eksoatysk eagjend berneboek sjoen foar boppebouwers. It omslach fan it boek springt echt yn it each. In soad kleur, mar seker net bernich. Hast klassyk, mar seker net âlderwetsk. In omslach dat my yn elk gefal útnûget om de ynhâld te besjen. Wurde jim ek al nijsgjirrich?

‘De huodsjes fan Mata-Hari’ fertelt it ferhaal fan Margaretha Zelle. It is in ferhaal dêr’t ik de grutte linen wol fan kin. Gjin wûnder, want sokke eksoatyske ferhalen mei sa’n dramatysk ferrin binne der net safolle oer Friezinnen. Yn it boek ‘Gewoan gek op skiednis’ hie ik dêr al wat mear oer lêzen.
Dochs is dit krekt wat oars. It is in ynformaasjeboek, o ja seker! It giet yn detail oer it libben fan Margaretha Zelle. Oer har jeugd, oer har reizen, oer har wurk, oer har ein. Allinne wurdt it ferhaal net ferteld troch harsels, of troch ien dy’t tichby har stie of troch in biograaf. It ferhaal wurdt ferteld troch de huodsjes dy’t Margaretha yn har libben drûgen hat. Oké, ik moat bekenne: huodsjes dy’t mei-inoar prate? Yn in ferhaal foar 10-plussers? Net it earste dêr’t ik entûsjast fan wurd… Mar myn nijsgjirrigens wint it en geandewei fernim ik dat de huodsjes prachtich de fasen fan it libben fan Margaretha -en letter Mata-Hari- sjenlitte. En dan ferjit ik eins dat ik in petear tusken huodsjes lês. Ik sjoch it libben fan de eigenaresse fan de huodsjes foar my. En net allinne yn myn holle, troch de wurden fan Lida Dykstra. Mar seker ek troch de prachtige kollaazje-yllustraasjes fan Natascha Stenvert. Tekeningen, âlde foto’s fan Margaretha Zelle, kaartsjes út dy tiid, kranteberjochten, stikjes út brieven skreaun troch of oan Mata-Hari. It boek is in feest foar it each en foar nijsgjirrige minsken. Der is safolle te sjen en te ûntdekken.

Yn ‘De huodjes fan Mata-Hari’ learst fanalles oer it libben fan Mata-Hari. It is in soad ynformaasje, ek ynformaasje dêr’t in groep 7- of groep 8-er miskien net folle mei kin. Lykas de problemen yn har houlik en har leafde foar mannen yn unifoarm. Mar dat heart fansels wol by it ferhaal fan Mata-Hari. En de wize fan fertellen en de prachtige yllustraasjes meitsje it, neist de ynformaasje, dochs ek echt in ferhaal wêrfanst witte wolst hoe’t it ôfrint. Soene se no wier Margaretha foar it fjoerpeleton sette?

‘De huodsjes fan Mata-Hari’ is in moaie, rike ynformaasjeboarne foar in wurkstik oer Mata-Hari, mar it is ek in boek om foar te lêzen oan boppebouwers of sels te lêzen yn in hoekje fan de bank. Petsje… eh… huodsje ôf foar dit moaie boek.

Wapper

Wappertekst en yllustraasjes: Yke Reeder (www.ieks.nl)

Op in dei fynt heit it it tiid foar Wapper, Wobke, Wabe en Wiepie om fleanles te krijen. De pykjes wurde ommers al grut! Wabe, Wiepie en Wobke witte net hoe gau’t se begjinne sille. Mar Wapper fynt it mar eng. Hy doart eins net, mar ûnder lûde oanmoediging springt er dochs. En it slagget! It giet earst noch wat ûnwennich, mar dan bliuwt Wapper prachtich sweven yn de loft. Wapper is grutsk. It giet moai! Of…
De oare fûgels fine it mar nuver hoe’t Wapper fljocht. Op ’e kop en achterút…! Dat heart dochs net sa? Se betinke fanalles om Wapper te helpen om gewoan te fleanen, mar dêr komme allinne mar ûngemakken fan. Undertusken rêdt Wapper wol Iikhoarn as dy fêst sit yn syn hoaltsje, hy helpt Mûs oan iten en hy befrijt Mol fan de hik. En as Wapper dan ek noch syn moaie keunsten oan Moanne sjenlitte mei, dan binne Wabe, Wiepie en Wobke om: sy wolle ek wapperje!

Yke Reeder hat in keunstwurk makke fan dit boek. Op alle siden wer in nij aventoer. Tekst en yllustraasjes kinne net sûnder inoar. Yn de yllustraasjes fynst dielen fan it ferhaal dy’t net yn de tekst steane en oarsom is de tekst op guon plakken echt in diel fan de yllustraasje. Wapper is in hiel dynamysk printeboek. Kinst it boek ûnmooglik stilhâlde ast foarlêst: dan moatst it boek linksom draaie foar in yllustraasje, dan in plaat dy’t rjochtsom draait wurde moat en der is sels ien dêr’t it hiele boek foar oer de kop gean moat. Prachtich fansels om sa foar te lêzen. En ûndertusken lit Wapper ús dan ek noch sjen dat ‘oars as oars’ ek machtich moai wêze kin. Kin it noch moaier?

‘Wapper’ is it Aksjeboek fan ‘SWALK Frysk op toernee’ 2016. Mear ynformaasje oer SWALK op www.swalk.nl