Sweltsjerige – foar groep 3 en 4

teksten:
Lida Dykstra (lidadijkstra.nl), Hanneke de Jong (hannekedejong.frl), Jurjen van der Meer, Jan Schotanus (dattekstbureau.nl), Mindert Wijnstra (mindertwijnstra.nl), Anny de Jong
yllustraasjes:
Maaike van den Akker (maaikevandenakker.nl), Linda de Haan (lindadehaan.com), Babs Wijnstra (babswijnstra.nl), Yke Reeder (ieks.nl)

Hoera! Der binne nije Fryske lêsboekjes foar begjinnende lêzers! En net ien of twa, mar seis! Fan it nivo ‘Ein groep 3’ o/m ‘Ein groep 4’. Seis hagelnije boekjes mei in hurd kaft, mei kleurige yllustraasjes en leave, spannende en grappige ferhalen. Dat sjocht der om te begjinnen al hiel goed út.

RidderjetRidder Jet – Lida Dykstra
Jet is opsletten yn in toer. Troch har eigen heit! Dy fynt it bûten fierste gefaarlik foar lytse prinsessen. Dêr is Jet is it net mei iens! Se ûntsnapt en giet achter de gefaarlike boeven oan. It is net maklik en Jet moat fanalles dwaan dat se noch nea earder dyn hat. Mar lykas Pippi Langkous tinkt dy stoere Jet: ‘Ik ha dit noch noait dien, dus ik tink dat ik it wol kin!’. Sa temt se sels in draak!
Ik tink dat alle famkes wol op Jet lykje wolle. En alle jonges ek! It wurdt wol in pear kear spannend yn dit boek, mar hoechst der net oan te twifeljen oft Jet de boeven ferslaan sil. It ienige dêr’t Jet oer yn hoecht te sitten is har foarsichtige heit. Mar as heit goed sjocht, sjocht er dat Jet mânsk genôch is om sels op aventoer te gean. En dat is in tip foar alle heiten, leau ik..

GersopitdakGers op it dak – Hanneke de Jong

Eef wennet by har pleechmem Bauk. Op in dei komt Joep. Hy sjocht der hiel netsjes út. Past dat wol by Eef en Bauk? Eef sil him it hûs en de bisten sjenlitte. Joep fynt it wakker moai. Foaral it dak fan it hûs. Der groeit gers op it dak en der rinne twa skiep op! Hy wol graach op it dak sjen, mar dat mei net fan Bauk. Tegearre mei Eef giet Joep toch it dak op. Dat wurdt spannend! Mar gelokkich komme Joep en Eef feilich fan it dak en kinne se tegearre hearlik yn de tún boartsje. Joep kin wol werris komme!
Wat fyn ik dit in leuk boek! It hat safolle nijsgjirrige dingen. In pleechmem, in hiel keurich jonkje mei in keurige heit, bisten mei nammen as ‘Hup’ en ‘Mist’ en skiep op it dak! Allegear dingen dy’t net alle bern daliks hawwe. Mar it ûndogense en nijsgjirrige fan Eef en Joep, dat hawwe alle bern. Dus is it dochs krekt as bist der sels by.

ToverangelDe toverangel fan Ate – Jurjen van der Meer

Sneon is der in fiskwedstriid. Ate wol hiel graach meidwaan, mar hy hat gjin angel. Gelokkich wit pake Jan in beam dêr’t angels yn groeie. Pake Jan seaget foar Ate in stok út de beam. Hy makket de stok hielendal moai glêd en hellet de bledsjes der ôf. Op trije nei. Dat binne de toverbledsjes seit pake Jan. It liket wol oft de angel wit wat Ate graach wol! Soe Ate mei de toverangel in dikke fisk fange kinne mei de fiskwedstriid?
In angel fan in tûke. Hearst Ate der net oer klaaien, mar fernimst wol dat er it wat nuver fynt. En dy bledsjes? Ek al sa’n nuver ferhaal. Oan ’e ein fan it boek ta leaut Ate it eins allegear noch net. En dat makket it in bytsje spannend. Wat leau ik? Is dat echt in toverangel?

WatineinWat in ein! – Jan Schotanus

Heit is yn in nostalyske bui. As de auto nei de garaazje moat, nimt hy as lienauto in ein mei. In 2CV. Hy wol der mei op fakânsje nei Frankryk. Mem en de bern binne net fuort entûsjast, mar heit stekt se wol oan. Der giet fanalles mis. De ein kin net sa hurd, dus de reis duorret wat langer. Se hawwe de hjerringen ferjitten en it wurdt min waar. Dan rekket de benzine op en blykt it tintsje wat te lyts foar 4 minsken. As der dan ek noch mûzen ûnder de tinte sitte, is it foar mem wol klear. Froeger wie kampearen folle leuker. It makket heit neat út. Hy goait de ein wer fol en genietet fan de weromreis.
In âlde auto, fakânsje, dingen dy’t mis geane, in nostalgyske heit en in mem dy’t gek op heit is, mar net altyd op syn healwize ideeën. Alle yngrediïnten foar in fleurich boek.

BeppehatinaaipetBeppe hat in aaipet – Mindert Wijnstra

Tom syn beppe is slim siik. Tom komt in soad by beppe, want hy kin hiel goed mei syn beppe opsjitte. Tegearre prate se, ite se gebakjes en meitsje grapkes. Tom tekenet bygelyks in gesicht achter op beppe har keale holle en de pet dy’t beppe op ha moat, neame se in aaipet. Beppe giet dea. Se giet nei pake ta. Mar se hat noch wol in kadootsje foar Tom.
Knap dien, ik kin net oars sizze. Dit boekje hat no net fuort in ûnderwerp dêr’t jonge lêzers yn boeken in soad mei te krijen hawwe. Yn boeken, sis ik mei sin. Want yn it echt wurdt fansels gjin rekken holden mei de leeftyd fan de beppesizzers as soks bard. Mindert Wijnstra wit knap de humor deryn te hâlden en lit Tom gewoan in jonkje bliuwe. Persoanlik fynt myn juffehert it wol jammer dat Tom syn juf sa’n draak is…

BoemishoBoem is ho! – Anny de Jong

Wibe komt nij yn de groep by Nynke. Dat Nynke yn in rolstoel sit, dêr moat er eefkes oan wenne. Mar al gau krijt er yn ’e gaten dat Nynke net silich is! Se is sterk, se betinkt de leukste dingen, is gek op in grapke en se is net benaud. En dat is mar goed ek want se hat it yn dit boek o sa drok mei hantsje-drukke, medaljes meitsje, wedstrydsjes ride, pankoekbakke, ride op in hûneslide, wachtsje op har helphûn, de plysje helpe…
Alwer in boekje mei in ‘net sa standert’-haadpersoan. As Wibe sjocht wat Nynke allegear kin, seit er ‘ik bin in suffert’. Mar neist Nynke bin ik ek in suffert. Sy docht wol in hiel soad! Ik woe ek wol sa stoer wêze as Nynke. Se kin alles! O nee, dochs net: se sit yn in rolstoel… dat wie ik eefkes ferjitten. Soe dat de bedoeling wêze fan de skriuwster?

In moaie searje, dy Sweltsjerige. De boekjes sjogge der prachtich út en fertelle bysûndere ferhalen. Wol in krityske noat fan de lêzers hjir (gjin doelgroep mear wat it technysk lêzen oanbelanget, mar wol wat it Frysk lêzen oangiet): binne de letters net te lyts? Fansels: foar it nivo fan de tekst makket de grutte fan de letter net út, mar ik begryp it wol. Doe’t dy fan my it lêzen krekt learden, seagen se nei de grutte fan de letters en de lingte fan de tekst op de siden om de earste kar te meitsjen. Ik hoopje mar dat it se by de Sweltsjerige net ôfskrikke sil… En oars: dat der âlders, juffen en masters binne dy’t se oer de streep lûke om it boekje dochs te lêzen. Oké, it sil even wennen wêze oan de kapkes en streekjes, mar wa’t wolris sjoen hat hoe’t de measte bern lêzen leare, dy wit hoe gau ’t se it witte. Dus: gjin ferlechjes mear, Frysk lêze! Wêrom net?