Heksegrytta

Heksegryttatekst: Hanneke de Jong (hannekedejong.frl)

Grytta hat der sin oan: de earste skoaldei yn groep 8! Se treft it: mei har bêste freonen slagget se deryn om it moaiste plakje fan de klasse te feroverjen. Krekt as master har freget om even wat út te dielen, komt der in nij famke binnen. Grytta sjocht nei it famke, it famke sjocht nei Grytta. En dan giet dat nije famke samar op it plak fan Grytta sitten. En der is net ien dy’t der wat fan seit!

Annemoon hat der hielendal net sin oan. Se fynt it mar neat dat heit har meinommen hat nei dit doarp. No moat se foar ien jier wenne op in nije skoalle. Yn it doarp skynt in frou te wenjen dy’t har mem goed kend hat. Ien dy’t ek in soad fan krûden ôfwit en minsken helpe kin. Wat moat se dêr no mei? Dy frou koe har mem net iens helpe! En no liket it der ek noch op dat in beppesizzer fan dy frou by har yn de klasse sit! Nee, Annemoon fynt der neat oan.

Grytta en Annemoon begjinne net goed. Grytta mei Annemoon net lije en oarsom. Mar Annemoon wol wol alles witte oer Grytta har beppe. Se heart fan de oare fammen yn de klasse dat Grytta har beppe ‘de boskhekse’ neamd wurdt. Annemoon jout Grytta de namme ‘Heksegrytta’ en al gau nimme oare bern it oer. Net ien sjocht mear nei Grytta. Allinne Bouke wol neat leaver as by har wêze. Hy fernimt ek as earste dat Grytta bysûndere dingen kin.

Grytta hat it dreech: it bûtensluten wurde en it ûntdekken fan har krêft. Annemoon hat it ek dreech: se mist har mem o sa en seit samar dingen dy’t se hielendal net sizze wol. Se betinkt in ferskriklik plan. Eins is it bedoeld om Grytta skrikke te litten, mar it rint ferskuorrend út ’e hân.

Der sit fanalles yn dit boek. It giet oer freonskip, oer famylje, oer pesten, oer dyn eigen plak fine, oer skamte, oer oars wêzen en wat in oar dêr fan fynt. Sa achterinoar skreaun liket dat in hiel soad, mar sa fielt it net ast it boek lêst. Hanneke de Jong beskriuwt it op sa’n natuerlike wize, dat ik my betink dat dat it leven fan in (pré-)puber is! Net mear lyts, mar krekt noch net grut. Oars wêze, mar net oars wêze wolle. Miene dat folwoeksenen de wrâld net begripe, mar se wol hiel bot misse as se net op harren plak binne.
En dan dat stikje oer de bysûndere krêft fan Grytta en har beppe. Hoe sit dat? Kinne minsken dat echt? Besteane der echt mysterieuze pingo’s mei beskermjend wetter? En is dat dan goed of eng? Wa kin dat oardiel jaan?
Myn eigen pré-puber sil trouwens wol suchtsje as sy dit lêst: ‘Mà-àm, het is gewoon een spannend boek! Pfff…’.

En dat is it. Mei it spûkeftige omslach fan Helena de Boer is dit boek poer geskikt om op de boeketafel te stean yn in berneboekewike mei it tema ‘Grouwélich eng’. Mar dit boek fertsjinnet mear. It giet oer echte boppeboutema’s dy’t altyd aktueel binne en yn dit boek (krekt as yn it echt) ek nochris hiel spannend. Net op dy tafel steanlitte dus!

Tije

Tijetekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten (mirjamvanhouten.wordpress.com)

Tije sil ferhúzje. Fan de romte nei de stêd. Elkenien docht krekt as is dat geweldich. Tije leaut der neat fan. Hy wol net in gruttere keamer of op judo. Hy wol folle leaver in grut hiem en in goare dreksleat!
It libben fan Tije stiet op ‘e kop. Mar Tije is net lytsbernich. Hy stapt op syn skelter om de stêd te ferkennen. Samar hat er syn earste freon: Tseard. Tseard wennet mei syn rôt Nynke op in skip. Mei Tseard hoecht Tije him net te ferfelen.
Op skoalle moat Tije wol bot wenne. Hy komt yn in klasse fol mei lawaaiïge bern en in juf dy’t spûkbenaud is fan bisten. Lokkich falle de bern alles mei as Tije se ienkear wat better ken. De folwoeksenen binne lestiger te begripen. Want: wat docht Tseard ynienen nuver! Wêrom giet er net nei in bistedokter mei Nynke? Wêrom makket er it lekkende dak net? En wêrom liicht er tsjin Tije? Tseard en Tije krije ôfgryslik spul en dat liket net goed!

‘Tije’ is in lekker (foar)lêsboek. Hiel herkenber foar bern fan de romte (lykas ik!) en foar bern út ‘e stêd (lykas dy fan my!). Alles belibbest mei Tije mei. Lûdop laitsje as juf op knibbels troch de skoaltún krûpt. De adem ynhâlde as Tije in grutte frachtwein stopje litte moat. En eefkes twa kear slikke as Tije him sa allinne fielt. De yllustraasjes dogge mei. Lyts en ienfâldich of paginagrut en sels troch de tekst hinne; altyd passend by it ferhaal.

Mar… wat is no úteinlik moaier? De romte of de stêd? De romte is geweldich, kinst der safolle belibje en útfine. En de stêd? Dêr kinst fansels krekt itselde oer sizze! Dus Tije kiest net wat moaier is. Klear. En hy hat gelyk.

Dit besprek stie ek yn it tiidskrift ‘Heit & Mem’ (heitenmem.nl) fan oktober 2016.